Zoek

OZ!

De jongerein fan Elts syn Rol spylje dit jier OZ! Dizze feelgood musical hat in simpele boadskip: Asto mar yn dysels leaust, dan komt alles op’t ein wol goed! ‘Tiidens in grutte tornado wurde Dora en har mûs Toto mei fyts en al nei in oare wrâld slingere. Die wrâld is it magyske lân fan Oz, fol toverkrêft en hiele bysûndere figueren. Om wer tús te kommen, moat Dora nei Oz. Ûnderweis moetet se Leffe Liuw, Fûgelskrik en Blikjeman, die har selskip hâlde tiidens har reis nei Oz. Alle fjouwer ha se in doel en der is mar ien persoan dy’t harren der by helpe kin: De grutte tsjoender fan Oz. Mar foardat hy harren helpe wol moatte se earst noch Walgina, de ferskiklike heks fan it Westen, ferslaan. En dat…. is noch net sa malik!’ Wy binne grutsk dat der dit jier mar leafst 23 talinten op de (nije!) planken fan MFC it stêdhus steane. Lef, wille en passy foar it teater is wat dizze jonge stjerren yn de dop sjen litte. It is fantastysk dat it jongereintoaniel yn Berltsum én omstreken sa libbet. Wy hjitte jimme wolkom yn ús lân fan OZ tiidens ien fan de foarstellingen.

Kijk terug op de fantastische voorstelling:

nl_NLDutch