De Folwoeksenen presintearre:
Om It Lêste Plak
Wat ha wy dochs in pracht Stedhûs mei in grutte seal mei in
toaniel wêr’t wy grutsk op binne. Dat fertsjinnet in grutske grutte oanpak en
dat dogge wy dit jier!! Wy spylje mei mar leafst 19 spilers. Wêr’t oare
toanielklubs soargen ha om spilers te finen ha wy der nei in koarte
toanielkursus fan fan’t maaitiid in protte leafhawwers foar toaniel by krigen.
Dan moat der ek in stik komme wêr’t wy mei útpakke kinne. En dat dogge wy mei
“Om it lêste plak”. Ik ha dit stik alris regissearre as iepenloftspul yn Dronryp
en it foar Elts syn rol bewurke foar binnen. Utpakke, sjen litte wat foar
talinten der binne yn dit doarp, dy’t in Stedhûs ferstjinje. As jim in jûn
hearlik ûnberdaarlik jim fermeitsje wolle om de minslike lekken en brekken yn
in doarp as Travento dan kinne jim dit net fersitte.
Wat docht it mei jo as jo graach wolle dat jo neisten yn eigen doarp op it tsjerkhôf komme en dat dit troch ien persoan yn it doarp ûnmooglik makke wurdt? De ien wurdt lilk, de oar mankelyk en lit it der by sitte en wer in de oar wurdt wekker en tûk. En sa is it mei Marcello, de kroechbaas fan it doarp dy’t sa stomme graach wol dat syn frou Rosanne letter yn eigen doarp op it hôf komme kin. Mar och heden, samar ynienen driigje de plakken op te reitsjen en komt alles yn in streamfersnelling. In stik oer de dea? Dat sil wol dreech wurde. Och heden nee, in fleurich stik oer libben en dea fol mei Italiaanske werkenbere doarpsminsken. Net stinne mar der hinne!